19.9 °C

Iepenloftspul Ik arriveer/Ik kom oan

BAKKEVEEN - Dit iepenloftspul is basearre op it bekende televyzjeprogramma 'Ik vertrek’, mar yn dit iepenloftspul hawwe wy de rollen omdraaid. Wat komme minsken tsjin as se nei Nederlân komme.

Wy folgje de famylje Varga út Hongarije dy't besykje hjir yn Fryslân in better libben op te bouwen. lmre Varga is in jonge frou dy't nei de dea fan har âlden foar har 2 susters en broer soarget, se hat ek de wat betize pake en beppe ûnder har soarch. Yn Hongarije lykje de plannen fan lmre te ambisjeus, mar dan komt se in Bakkefeanster tsjin dy't har in kâns biedt, dy't se mei beide hannen grypt.

De ynhâld fan dit iepenloftspul hat alles te krijen mei de deistige realiteit. In ekspedysje nei lok wêryn wy leafde, ambysje en it persoanlike sykjen nei identiteit sille sjen..

De foarstellingslokaasje is it âlde amfiteater op it plak fan konferinsjesintrum Nieuw Allardsoog. De foarstellingsdata binne 1, 2, 3 july 2022. Sjoch foar mear ynformaasje kaartferkeap en tiden www.bakkeveen.nl/iepenloft

Waar:Jarig van de Wielenwei 6
Plaats:Bakkeveen
Datum:01-07-2022
Aanvang:20.30 uur
 

Geert Louwes

leefbakkeveen@gmail.com
0643539992
Bakkeveen
 
Ga naar website