Toanielstik "Spa mei Stress!"
OPEINDE - Toanielferiening Violeria spilet de klucht:
Spa mei Stress!
Joris eksploitearret in kueroarde. Hy hat it drok en it falt foar him net ta om
alles foarinoar te krijen.
As in tillefyzje-programma delkomt om in promoasjefilmke te meitsjen en der gasten oan-komme dy’t in protte oandacht freegje, wurdt it
eigner Joris tefolle en freget er syn twillingbroer Floris him te helpen.
As der dan ek noch in bedrager ûnder de gasten tahâldt, is de gaos net mear oer te sjen.
It wurdt in hiel trelit en jo kinne der by wêze.
Us toanieljûnen binne op freed en sneon 27 en 28 jannewaris en 3 en 4 febrewaris 2023.
Alle jûnen om 20.00 oere.
Jo kinne kaarten bestelle foar:
27 en 28 jannewaris by Lutine Vriezema
til. 0512-372245
3 en 4 febrewaris by Sietske Witzenburg
til. 06-11238483
Waar: | Doarpshûs de Wringe | |
Plaats: | Opeinde | |
Datum: | 27-01-2023 | |
Aanvang: | 20.00 uur | |