Logo
Zoeken
Zoeken
4.3 °C

Toneeluitvoering

URETERP - Op Nij Foriene spilet “Ach in pûntsje mear of minder”

Nei twa jier ôfwêzigens troch corona kinne we wer los mei ús útfierings yn it earste wykein fan febrewaris. En dêr binne wy tige bliid mei.

By ús yn ‘e ploech dit kear twa gastspilers en ús eigen nije spylster Ilja Zuidema. En ek dêr binne wy tige bliid mei. Ilja debutearret op it poadium fan De Wier.

We hoopje de taskôgers te fermeitsjen mei it kluchtige blijspel
“Ach, in pûntsje mear of minder", skreaun troch Rien Bakker en oerset troch Abele Krist.

Beauty-ynstitút Slank&Fit bestiet 25 jier en dêrom hat de direksje fakânsje. Gelokkich is it sintrum yn de fertroude hannen fan it betûfte personiel. Mar dan krije se in tillefoantsje mei it berjocht dat krekt no de Ynspeksje foar har jierlikse kontrôle del komme sil. Dit soarget foar lichte panyk by it personiel en se dogge der alles oan om dizze wike goed ferrinne te litten. Mar kinne in fakânsjekrêft, in ferfangende arbeider, in entûsjaste masseuse en in technyske badmaster it oan?

De regy is yn hannen fan Elske Klooster.

De útfierings binne yn MFC De Wier yn Oerterp op:

Tongersdei 2 febrewaris om 14:00 oere
Freed 3 febrewaris om 20:00 oere
Sneon 4 febrewaris om 20:00 oere
Foar ynformaasje en foarferkeap sjoch ús webside: www.toanieloerterp.nl en ús faceboekpagina Op Nij Foriene Oerterp.
Kaarten binne ek te keap oan de bar fan MFC De Wier. Tagong: €10,- Tagong tongersdei €5

Waar:MFC De Wier
Plaats:Ureterp
Datum:02-02-2023
Aanvang:14.00 uur
 

Henk Postma

Ureterp
0625211297