Logo
Zoeken
Zoeken
3.9 °C

It Moat Kinne spilet Sûkelade

BROEKSTERWâLD - Toanielferiening It Moat Kinne spilet Sûkelade.

Foar wa fan swiet hâld mar ek oer pittich kin.... Sûkelade.
De tiid hat stilstien yn it Frânske doarpke Belcourt. De minsken hâlde dêr fan harren rêst, tranquillité.
Oant Rosanne en har dochter Anna in sûkeladery iepenje yn dit plakje.
Rosanne is op magyske wize bejêftige om foar elts de júste sûkelade te kiezen en sa befrijt se
minsken fan harren ynsliepte rêst.
Mar net eltsenien smelt foar Rosanne.
De strikt katolike boargemaster sjocht syn macht ferdwinen en giet de striid oan tsjin dizze frisse
wyn.
As der dan ek noch in frjemde swalker yn it doarp ferskynt slacht de romantyk en pasje ta...mar ek it
fjoer.
Lit dy ferliede ta de smaak fan leafde en........ sûkelade!

Kaarten te keap fia www.itmoatkinne.nl

Waar:doarpshûs de Pipegael
Plaats:Broeksterwâld
Datum:11-03-2023
Aanvang:20.00 uur
 

G. Berends

Broeksterwâld