'Kattekwea', mei Inez werom nei Irolt
RYPTSJERK - Inez Timmer bringt op freed 19 april yn De Einekoer yn Ryptsjerk in oade oan de legendartyske Fryske folkgroep Irolt. Pianist/accordeonist Peter van der Zwaag is har betûfte begelieder. Hy wie earder te hearren mei Rients Gratama, Liesbeth List, Jenny Arean, Willeke Alberti, Robert Long en Gerrit Breteler). Inez song sels by Irolt lieten as It wite wiif, Klaes Keunst, Gudrun Sêge, Kamperfoelje en Kattekwea.
De foarstelling ‘Kattekwea’ fan Inez en Peter is in fleurich konsert mei ferhalen tuskentroch. It jout in tydsbyld fan de optimistyske jierren santich en fertelt de opkomst fan de Fryske folk. Irolt hat in nije jas krigen, mar de jasbûsen sitte noch fol fertroude refreinen en ferhalen.
Waar: | Doarpshûs De Einekoer | |
Plaats: | Ryptsjerk | |
Datum: | 19-04-2024 | |
Aanvang: | 20.00 uur | |