Ts. Nij Begjin spilet "Kafee Mei-inoar"
NIJEGA - Hans en Jans wolle trouwe. Prima mar der is gjin jild, no ja in bytsje. Se betinke in plan mei harren freonen, Martsje en Aart. Se wolle it kafee berôve, dat rint yn earste ynstânsje goed ôf.
Yn dat kafee bart fansels fan noch folle mear! Fan daten en teloarstellingen oant in mem die in dream hat en it net wiermakke hat. Mannen die sporte en harren eigen “mannen” problemen ha en froulju dy kaarte sûnder manlju mar die nochal hiete hollen binnen mei-inoar of earder in hinnehok? Hoe is it om allinnich te wêzen? Om ien te ferliezen? Oer sussen die jaloersk binne? Dreamen die je ha... Yn kafee Mei-inoar kin it allegear. De kastlein dy’t in kafee hat, mar wol dy dat eins wol? Sil hy syn dreamen noch wier meitsje? As folget hy syn heit, sa as it heart? Want hoe heart it eins? Yn dizze romantyske komeedzje mei in knypeag nei in jierren ’70 kafee witte je noait hoe it ôfrinne sil.
Krij je nei it lêzen hjirfan ek al nocht om nei it kafee te gean? De premjêre fan it stik sil wêze op sneon 25 jannewaris, jûns om 8 oere yn doarpshûs Op ‘e Jister te Nyegea. Derneist spylje wy op freed 31 jannewaris, sneon 1 febrewaris en sneon 8 febrewaris. Kaarten kinne jo bestelle fia www.nijbegjin.nl