toneeluitvoering Wêz Handich
ROTTEVALLE - Toanielselskip Wêz Handich spilet sneontejûn 25 jannewaris 20:00 oere en sneintemiddei 26 jannewaris 14:30 oere in kluchtich blijspul ‘Wat in Skrik’ fan Henk Sloots yn it Werflân te Rottefalle.
It stik spylet him ôf yn Sippy’s Bêd en Brochje. Hja is hast 25 jier troud mei Berend Faber. Ek oare froulje kinne op syn belangstelling rekkenje. At der in frou nei him siket, mei help fan it programma Spoorloos, brekt by him de panyk út. Sippy hat ien en oar regele, sûnder dat Benny dit wit. Benny wol dit alles stil hâlde foar Sippy. Hy besiket te rêden wat der te rêden falt, mar it spant derom…
Wês mar bliid dat jim net yn syn skuon steane.
De kaarten binne foar €12,50 oan de doar te keap of yn de foarferkeap foar sneon by Kapsalon Annie Bergsma yn Rottefalle. Jeugd oant 12 jier is fergees.
Graach oan’t sjen!