De Himmelsters
URETERP - Yn ‘De Himmelsters’ giet it oer fiif froulju, dy’t op de
ôfdieling húshâlding fan in middelgrutte
ûnderwiisynstelling wurkje. De froulju en konsjerzje Huib
wurkje ûnder lieding fan Theo, it haad fan de skoalle.
Se komme nei de simmerfakânsje wer foar it earst op it wurk. Nel, Loes, Anna en Liesbeth binne op tiid, mar wêr bliuwt Anita? Is sy fergetten dat it de earste wurkdei is, is sy siik of hat se in ûngemakje hân? Hoe dan ek, se sil op ien of oare wize wol wer foar it ljocht komme.