Foto 1: Foto's: Ester de Joode:
De Friese Tekst:
It krystferhaal yn Ternaard: hearre, sjen en belibje.
Dit jier waard it krystfeest op in hiel spesjale manier fierd yn Ternaard. Op de kristlike basisskoalle “It Harspit” waard oan alle bern earst it krystferhaal ferteld. Wylst de bern yn de klasse genoaten fan de moaie fertelling fan de master of de juf kaam ynienen in heraut om de bern te fertellen fan it bysûndere Bern dat berne wie. “It is berne yn Bethlehem, kom mar mei dan sille wy it sykje!` sei de heraut . Alle bern mochten mei heit, mem, pake, beppe en ek noch broerkes en suskes under lieding fan de master of de juf it doarp troch. Fia in echte herberch, in groep wizen, Kening Herodes en hoeders mei harren skiep kamen de groepen oan yn de stâl dêr’t Joazef en Maria en it berntsje Jezus útbylde waarden troch Andries en Afke Hiemstra mei harren jonkje Martinus.
Foar eltsenien wie der doe waarme poeiermolke en neidat de bern in boekje en in mandarijn krigen hienen, koenen sy wer nei hûs ta gean. It wie in hiel bysûndere manier om sá it krystfeest te fieren: mei mekoar it blide nijs hearre, dan sjen en sa it echt belibje !

Foto 2
Foto 3
Foto 4
Foto 5
Foto 6