16,3 °C
© Wouter Jansen |  . De earste eksimplaren fan de nije taalmetoade Studio F waarden troch deputearre Bertus Mulder oanbean oan dhr. Ulbe Pranger, direkteur fan De Spreng.

Studio F op basisskoallen yn Fryslân

do 14 september 2006 22.51 uur

DRACHTEN -

Tongersdei 14 septimber waard de nije Fryske taalmetoade Studio F presintearre oan de earste Fryske basisskoallen. De taalmetoade biedt mooglikheden oan alle type skoallen yn Fryslân om oan de kearndoelen foar Frysk te foldwaan. De metoade giet út fan hiel ferskillende begjinsituaasjes.

Skoallen mei in soad Nederlânsktalige bern kinne der likegoed mei út de fuotten as de wat mear Frysktalige skoallen. Studio F foldocht oan de nijste kritearia foar modern taalûnderwiis. Neist differinsjaasje op 4 nivo's is de keppeling oan skoaltelevyzje unyk.

De Provinsje Fryslân hat de produksje fan dizze metoade mei mooglik makke en hat der dan ek hege ferwachtings fan. Mei in spesjale Studio F-bus waarden tongersdei 14 septimber de earste bestellings fan 'e nije metoade rûnom yn 'e Provinsje besoarge.

De Spreng yn Drachten wie ien fan 'e skoallen dy't besite krige fan in delegaasje fan 'e Provinsje Fryslân mei ûnderwiisadviseurs fan Cedin, de metoadeskriuwers en Oebele en Eabele, populêre akteurs yn de tv- searje Studio F.

Foar de presintaasje waarden de bern fan De Spreng útdage om yn in wedstriid safolle mooglik Fryske wurdsjes te meitsjen mei de letters fan HOERA STUDIO F. Studio F op basisskoallen yn Fryslân.

FOTONIEUWS


 

Regionaal nieuws

zaterdag 18 september | 3 reacties

Motor uitgebrand op toerit A7