Contact
Account
Logo
Zoeken
Zoeken
Toaniel Aldegea spilet: In twadde kâns

Toaniel Aldegea spilet: In twadde kâns

ma 22 februari 2010, 21:28 regionaal

OUDEGA - Toanielferiening Op 'e Nij Bigoun te Aldegea spilet dit jier it premiêre stik 'In twadde kâns'. It is in blijspul fan de Ingelske skriuwer Derek Benfield en is nei it Frysk oerset troch Wimpy de Vries út Aldegea en útjûn troch it Stuft te Ljouwert.

It stik giet oer Herman en Marjan, beide fyftigers. Nei 23 jier moetsje hja elkoar by tafal yn 'e supermerk. Der ûntstiet in goed petear en hy noadicht har út om by him op de flat wat te drinken. Sy stimt dêr yn ta en hja eidzje de foarby geande jierren wat oer. Der is in bulte feroare yn 23 jier. Beide binne se troud en hawwe bern.

Dôchs baarnt der noch in altiten leafdesfjoer yn beide minsken nettsjinsteande dat sy elkoar sa'n skoft net sjoen ha. Hoe sil dit beteare? Hokfoar stroffelstiennen komme wy tsjin yn dizze twadde kâns.

De útfierings sille hâlden wurde yn 'e Skippersseal te Aldegea en de útfieringsdatums binne op 26 en 27 febrewaris en op 5 en 6 maart. Foar de foarferkeap kin men terjochte by it Aldegeaster VVV kantoar tillefoan 0512-371668.

 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
0638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws