Account
Logo
Zoeken
9 °C
Foto: Geert Huisman

Toanielferiening Vriendenkring Twizel

do 7 februari 2013, 22.45 uur

TWIJZEL - Toanielferiening Vriendenkring Twizel

Spilet op: saterdei 9 febrewaris
freed 15 febrewaris
saterdei 16 febrewaris om 20.00 oere yn’e Bining

De Bloody Mary

Fan Mary Bakker-Schoon
Fryske oersetting Siep Jorna

Dizze kear spilet Vriendenkring in klucht yn 3 bedriuwen.

Koarte ynhâld:
As kaptein Rein en syn stjoerman Brant har âlde frachtskip de “Bloody Mary” omboud litten ha ta cruiseskip, tinke se dat se op dy manier fluch in soad jild fertsjinje kinne. De “Bloody Mary” sil in cruise meitsje lâns de moaiste plakjes fan de Middellânske See. Mar op it lêste momint springt der in ferstekling oan board. As se dy pas op folle see ûntdekke en hearre werom’t er op’e flecht is, beseffe se dat se gjin inkele havenstêd mear oandwaan kinne. Dan binne der de nedige swierrichheden mei de passazjiers. Hessel Feitsma, dy’t stikem in plezierreiske makket mei syn sekretaresse, Elske Hietkamp. Dan ha je it krekt troude stel, Doede Gjaltema en syn keken wyfke Lutske, dy’t de breidssuite reservearre ha. Gretha Stoet, in eksintrike keunstskilderes, hat in eachje op’e kaptein. Sofia van Fraeijenhoven, in skriuwster dy’t ûnder pseudonym mei giet. As dan blykt dat it skip sa lek is as in traaljekoer, dan komt it wiere aard fan sommigen ynienen boppe wetter. Konsternaasje rûnom!

Tagongskaarten kostje foar leden fan Vriendenkring € 2,50 en foar net-leden € 8,50. Reservearing by Jaap Fokkinga yn de Bining,

FOTONIEUWS


 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws

Poll: Worden eilanders anders behandeld door de lokale politie?

Ja  
56.7%
Nee  
21.4%
Geen idee  
21.9%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!






ondernemend nieuws

Huis van de maand: Eendrachtsweg 10 in Garyp

Huis van de maand: Eendrachtsweg 10 in Garyp





regionaal nieuws

Vrouw (33) twee maanden de cel in voor stalken huisarts

Vrouw (33) twee maanden de cel in voor stalken huisarts