Account
Logo
Zoeken
3.1 °C
Foto: Geert Huisman

Toneel: Fryske premjêre 'Pleinfrees'

za 28 februari 2015, 7.44 uur

BUITENPOST - Kritetoaniel Bûtenpost spilet Fryske premjêre “Pleinfrees”

Op de sneontejûnen 28 febrewaris en 7 maart spylje Lourens de Zee, Andre de Zee, Remco de Poel, Iris Kloosterman, Frouke Holtrop en Jelmar Hoekstra it stik “Pleinfrees”, in Fryske premjêre. “Pleinfrees” is skreaun troch de bekinde Ingelske toanielskriuwer Alan Ayckbourn en yn it Frysk oerset troch Baukje Stavinga. It is in stik mei seis rolfigueren, en in âld man op de eftergrûn, dy’t allegearre snakke nei kontakt mei in oar. Mar oeral ûntbrekt de oprjochte ynteresse. Se libje allegearre lâns elkoar hinne.

Yn 54 sênes, yn ferskate flats, in kantoar, in wenkeamer, in keuken, in kaffee en in hotelbar, sjogge jo in grut tal werkenbere situaasjes foarbykommen yn in wrâld fan iensumens, misbegryp en teloarstelling. Dit allegearre yn in wol hiel bysûnder dekor. Njonken de al neamde 6 spilers binne foar dizze produksje noch 12 spilers/meiwurkers yn tou of yn tou west.

Rezjy: Lodewyk Riedhorst. The Point, Voorstraat, beide jûnen om 20.00 oere. Seal iepen fan 19.00 oere ôf.

FOTONIEUWS


 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws



Poll: Moet de gemeente de prijzen gelijk trekken?

Ja  
87.6%
Nee  
6.2%
Geen mening  
6.2%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!


regionaal nieuws

Automobilist eindigt in greppel langs afrit N381

Automobilist eindigt in greppel langs afrit N381