Account
Logo
Zoeken
12.3 °C

Dûbel op. In klucht yn twa bedriuwen

do 25 februari 2016, 20.13 uur

OUDEGA - Toanielferiening “op `e nij Bigoun” spilet de klucht “Dûbel op” van Jon van Eerd.
Oarspronklike titel is “Dubbel op”. Fryske oersetting troch Baukje Stavinga.

Koarte gearfetting fan it stik:

Hector Vermeulen is sjirurch en chef de klinyk yn de Unlimited Beauty and Health klinyk, Hy runt de klinyk tegearre mei Valerie Kreukwijk. Hector is in trochtrape fint en nimt it net sa nau mei de moraal, hy giet oer liken om syn foardiel mar oeral út te heljen…

In wrâldskokkende útfiening fan syn hân sil syn namme definityf op de kaart sette.
Mar dan rint alles mis. Gelokkich is dêr de sullige twillingbroer Harrie.
Dy sil dan de skuld fan alle behannelingen dy’t mislearje op him nimme moatte.
Mar de broer liket noch ûnnoazeler as yn earste ynstansje tocht waard en hy soarget der foar dat alles yn it hûndert rint.
Ek in ambisjeuze sjoernaliste komt yn it fermidden om har eigen “Watergate” skandaal te sykjen.…

De rezjy is yn hannen fan Arnold Dijkstra.
Utfieringen binne freed 4 maart en sneon 5 maart (útferkocht) en freed 11 maart en sneon 12 maart (útferkocht) by foldwaande belangstelling is der noch in opsje op in ekstra jûn 18 maart 2016.
Sjoch derfoar op de thússide of sjoch op facebook.
Alle jûnen yn ‘e Skippersseal te Aldegea Smellingerlân. Oanfang 20:00 oere.

Foarferkeap kaarten foar € 10,00 fan 16 febrewaris ôf by Jongsma verf - Alles onder één dak (Sânbuorren 1) till. 06-28795556 Email jongsmaverf@hotmail.nl
Foar ynfo kinne jo contact opnimme mei de foarsitter van de toanielferiening: Bartele de Boer, till: 06-51343333

Thússide: www.op-e-nij-bigoun.nl
Faceboek: Toanielferiening “Op ‘e Nij Bigoun”

 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws



ondernemend nieuws

Bespaar met zonnepanelen: een slimme investering

Bespaar met zonnepanelen: een slimme investering


regionaal nieuws

Auto's zwaar beschadigd bij botsing op N919

Auto's zwaar beschadigd bij botsing op N919



regionaal nieuws

Geitenhouderij in Sibrandahûs mag nieuwe stal bouwen

Geitenhouderij in Sibrandahûs mag nieuwe stal bouwen

regionaal nieuws

SmelneFM koerst aan op samenwerking Opsterland

SmelneFM koerst aan op samenwerking Opsterland




regionaal nieuws

Meisje mishandeld door man (24) na afwijzing flirt

Meisje mishandeld door man (24) na afwijzing flirt