Account
Logo
Zoeken
14.5 °C
Fjouwer Fryske trûbadoers op CD

Fjouwer Fryske trûbadoers op CD

wo 30 juni 2004, 22.16 regionaal

DRACHTEN - It is slagge. Tongersdei 1 juli de foarôf stelde
datum fan útbringen fan de trûbadoers-cd ‘Der
Tuskenút’ is helle. De cd is de wjerslach fan it
mienskiplike muzykprojekt fan fjouwer Fryske
trûbadoers: Doede Veeman, Gurbe Douwstra, Jaap
Louwes en Piter Wilkens.

‘Der Tuskenút’ is foar it grutste part in live-cd
mei opnames fan de trûbadoerskonserten, dy’t sy
foarich jier mei harren fjouweren jûn ha rûnom yn
Fryslân. Dy 13 live-opnames binne oanfolle mei
fjouwer nije lieten, dy’t Doede, Gurbe, Jaap en
Piter meiinoar skreaun ha en dy’t ûnderdiel binne
fan it nije programma fan de trûbadoerskonserten.

De première fan dit nije programma is op
sneintemiddei 29 augustus yn de teatertún yn
Riis. Dêrnei folgje trûbadoersjûnen yn de Lawei
yn Drachten, op freed 15 oktober, yn de Colle yn
Kollum, freed 22 oktober, op ‘e Jouwer, freed 29
oktober en as lêste op freed 5 novimber yn Groot
Terhorne yn Bitgum. Foar de measte fan dizze
konserten is de kaartferkeap yntusken úteinset.

It programma fan sil der wer oars útsjen as yn
2003. Mear nije lieten fan de fjouwer trûbadoers
apart en ek mear nije lieten tegearre. Yntusken
wurdt troch de fjouwer trûbadoers de lêste hân
lein oan dit junfoljende programma.

 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws


Poll: Wat vindt u van het verbod op de verkoop van rookwaar in supermarkten?

Goede zaak!  
46.1%
Slechte zaak!  
49.1%
Geen mening  
4.8%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!