Account
Logo
Zoeken
8.2 °C
© BD-Fotografie/Berend

De Feanhoop opnij besocht

zo 8 juni 2008, 15.09 uur

DE VEENHOOP - Sneon hat blûsrock band De Healers harren nije album presenteare yn in Polderhûs op 'e Feanhoop. Healers is in opfallende Fryske blûsrock band út Opsterlân. Mei rauwe ‘Fryske Roots blues’ is de band op it stuit ienich yn syn soart.

Yn de simmer fan 2005 debutearre Healers mei it nûmer Hurdsiler. It waard sels in beskieden simmerhit. It nûmer stiet op de debút cd ‘De Blûsrûs’, live opnaam yn kafé Rolbrêge. Hjoed de dei binne Healers noch regelmjittich te hearren by Omrop Fryslân mei nûmers fan De Blûsrûs.

Mar ek mei Feanhoop Feest en Boppe Baas. Beide nûmers as opset fan Healers’ nije CD. Yn it wykein fan 23 en 24 febrewaris ha Healers nammentlik yn O.B.S. Op ‘e Feanhoop opnamen meitsje litten troch Walter Tremp. De 13 nûmers (‘live’ opnaam) binne brûkt wurden foar de nije CD.

De nûmers op De Feanhoop Opnij Besocht, want dat is de titel fan it nije skiifke, hannelje oer De Feanhoop mei û.o. syn fermaarde festival. Hjoed de dei bot aktueel. Tal fan nûmers ferhelje sels oer saken dy ’t net ien oait heard hat! Want is it eins wol plús op ‘e Feanhoop?

It idee om op de Feanhoop in c.d. op te nimmen ûnstie yn de simmer fan 2005. Nûmers fan De Blûsrûs , waarden doetiids faak foar Omrop Fryslân draaid. Dat it sukses smakke nei mear. It gefal wol dat alle seis Healermannen op ien of oare manier konneksjes ha mei de Feanhoop. Sa is Ruurd Huitema (bas) berne yn It Polderhûs, no in restaurant op ‘e Feanhoop. Marten Scholten (slachwurk, pannen en sang) hat njonken de skoalle wenne , want syn heit wy in skoft haadûnderwizer fan de skoalle. Ruurd en Marten ha beiden fansels op O.B.S. Op ‘e Feanhoop sitten.

Iede Hoekstra (gitaar) en Feiko Wouda (mûlharp en rammelguod) ha famylje wenjen op de Feanhoop en Bauke de Grouw (oargel, piano, gitaar en banjo) syn heit komt oarspronkelik út de omkriten fan de Feanhoop. De konneksje fan Jehannes Veenstra (sang, gitaar en rammelguod) is net hielendal dúdlik. It skynt dat hy de ‘Langsleattermerman’, better bekind as de Smid fan Earnewâld oait troffen hat en it oerlibbe hat. Jehannes komt eins fan Garyp, mar siet faak te fiskjen oan de Headamsleat flak by de Feanhoop.

It mei dúdlik wêze; nei de opnamen en foaral nei de CD presintaasje, sil De Feanhoop net mear itselde wêze!

FOTONIEUWS


 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws



regionaal nieuws

Nieuwe plannen voor Woudhof-locatie in Damwâld

Nieuwe plannen voor Woudhof-locatie in Damwâld

regionaal nieuws

Streep door gaswinning boven Schiermonnikoog

Streep door gaswinning boven Schiermonnikoog

regionaal nieuws

Hakkende scholieren tijdens schuimparty op LSD

Hakkende scholieren tijdens schuimparty op LSD


regionaal nieuws

Zorgen over toekomst van theater op Campus Kollum

Zorgen over toekomst van theater op Campus Kollum

Poll: Horen dorpshuis en theater de Colle bij elkaar?

Ja  
55.1%
Nee  
25.8%
Weet niet  
19.1%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!

regionaal nieuws

Verdachte van mishandeling ziet 'boze geesten'

Verdachte van mishandeling ziet 'boze geesten'





ondernemend nieuws

Holland Casino trekt meer bezoekers in 2023

Holland Casino trekt meer bezoekers in 2023

Poll: Hoe vaak bezoek jij een casino?

Nooit, casino's hebben geen interesse voor mij  
60.5%
Een paar keer per jaar, voor een avondje uit  
3.9%
Maandelijks, ik vind het een leuke hobby  
5.3%
Ooit, 1 of 2 keer gedaan  
30.3%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!