Account
Logo
Zoeken
12.2 °C
Foto: Geert Huisman

Toneel: 'Lekker koese yn Bûtenpost'

vr 28 februari 2014, 23.32 regionaal

BUITENPOST - Fryske Krite Bûtenpost spilet op sneontejûn 1 maart, 20.00 oere, en op sneintemiddei 9 maart, 15.30 oere, yn The Point it stik ”Lekker Koese”. In blijspul mei de nedige relaasjetûkelteammen yn fiif tafrielen fan Dimitri Frenkel Frank, “In de holte van je arm”, yn in Fryske oersetting fan Bienze Westra.

Koarte ynhâld: Otto, in yntellektueel fan kwizekwânsje, is by syn frou weigien en hat in flatsje hierd. It duorret net lang of hy kriget besite fan buorman Freark dy't ek wol fan’t wiif ôf wol, mar net rjocht wit hoe't er dat ha sil. Otto jout ried en Freark syn matras bedarret njonken dy fan Otto. Ankeline, Otto syn frou, besiket oer de telefoan kontakt mei Otto te krijen. Omdat dit net slagget komt hja sels del om de sitewaasje ris te ferkennen. Tet, Freark, syn wiif komt dan ek noch oanwaaien en makket it kwartet kompleet. It liket op partnerruil út te draaien ....

Kaartferkeap: Bloemtique Bûtenpost
Ynfo: fryskekritebutenpost@hotmail.nl

Waarm buffet: Nei ôfrin fan de útfiering fan sneintemiddei 9 maart stiet der foar de leafhawwer fan in goed waarm miel iten it “buffet à la Tet” op it program. Wa’t graach mei-ite wol kin kaarten besette by Bloemtique. Dit kin oant uterlik tiisdei 4 maart.

FOTONIEUWS
fotonieuwsfotonieuwsfotonieuwsfotonieuwsfotonieuwsfotonieuwsfotonieuwsfotonieuws

 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws




Poll: College trekt handen af van Pride boot. Wat vind jij?

S!Nloze actie  
39.9%
Politiek ges!N  
6.9%
Wie heeft hier nu S!N in?  
30.8%
Dit zaakje s!nt  
8.5%
Jammer, toch S!Nvol om te doen  
13.8%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!