Account
Logo
Zoeken
12.2 °C
FNP Smellingerlân kiest nostalgysk
© S. Peterson |  De Hof van Edenleane by nacht

FNP Smellingerlân kiest nostalgysk

ma 12 april 2004, 22.59 regionaal

DRACHTEN - FNP Smellingerlân stelt yn skriftlike fragen oan
it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders de
Hof van Edenleane yn Drachten oan de oarder. De
renovaasje fan dizze neffens de FNP moaiste leane
fan Drachten is sa njonken lytsen moai op streek.

No docht it de partij lykwols bliken dat de âlde
lantearnepeallen fanwegen de ôfskriuwingstermyn
net ferfongen wurde sille, mar wer op ‘e nij
njonken de leane pleatst wurde sille. Dit hawwe
amtners op it gemeentehûs dúdlik makke.

De FNP slacht it kolleezje no foar om
it ‘ferlies’ te nimmen en de leane alhiel yn styl
werom komme te litten. Dêrby passe notalgyske
lantearnepeallen, lyk as der earder ek pleatst
binne yn Nijegea.

De ‘winst’ hjirfan sil wêze dat de Hof van
Edenleane noch moaier werom komt en neffens de
FNP sa noch jierrenlang de moaiste leane fan
Drachten bliuwe sil.

 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws




Poll: College trekt handen af van Pride boot. Wat vind jij?

S!Nloze actie  
39.9%
Politiek ges!N  
6.9%
Wie heeft hier nu S!N in?  
30.8%
Dit zaakje s!nt  
8.5%
Jammer, toch S!Nvol om te doen  
13.8%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!